Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Petear yn de nacht

Bibelbylden

fan Henry Tanner*



Ik kin ’t oars kreas op rigen krije,
mar sûnt fannacht bin ik derôf,
fannacht… ik doarde net oerdei
nei Jezus, ’t stekt by learaars nau,
ik moat de konfrontaasje mije.

Ik rûn al tiden om mei fragen:
hoe kin ien sokke tekens dwaan
as God is him net tige nei,
wa soe him oars dy folmacht jaan?
’t Begûn my justjes wat te daagjen…

… mar amper ’t antwurd fan werberne,
wat Jezus fan my hawwe woe,
dochs net út memmeskurte wei,
ik wist net fan it wat en hoe,
hy sei, ik moast de Geast wol kenne.

As learaar moast ik better witte,
mar dochs… hy spriek oer himelheech
en ierdeleech… al wat er sei,
ik jou it ta, wie nochal dreech…
mei Jezus kin ik my net mjitte.

* Henry Tanner (1859-1937)
Skilderij ‘Nikodémus en Jezus op in dak’

 

admin

Jakobus skammet him

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Wy hiene soks net freegje moatten,
mar Jehannes stie der sterk op oan,
hy woe graach njonken Jezus sitte
yn de himel… op ’e troan,
dochs… hiene wy ’t mar sitte litten,
’k bedoel dy fraach.

De oaren binne heech opspatten,
namen ús de foarrangsfraach kwea-ôf:
hoe soene wy dêr rjocht op krije,
elk wie ommers Jezus trou;
se mochten ús der net om lije,
’k bedoel dy fraach.

Mei Jezus’ wurd foel net te spotten,
want wy soene ’t selde ûndergean
as wat him letter stie te wachtsjen…
woene wy dêr net foar stean?
Se soene ús dêr grif om achtsje,
’k bedoel de tsjinst.

* Skilderij ‘Jakobus Sebedéus’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum