Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Dûbele grip

Bibelbylden

fan Lucas Cranach de Jongere*



De grip fernim ik noch,
de iene hold myn earm stiif fêst,
de oare skriftgelearde treau
my nei de timpel ta,
ik fielde oan, dit is net bêst,
mar wêrom moasten se my ha?

Ik wit no dat er Jezus hjit
dy’t my it libben rêden hat,
omdat er oan myn kant stean bleau;
sy woene fan him ha
in útspraak oer myn libbenslot,
it gie dan op ’e deastraf ta.

Troch troubrek bin ik skuldich, mar
wa smyt dan mei de earste stien,
woe Jezus witte, want wa docht
yn ’t libben neat ferkeard?
Fan al dy hearen smiet gjinien,
guon hollen waarden read.

Dêr stie ik dan, fernaam de grip
fan skamte as in minne frou
dy’t slingerjend troch ’t libben gie,
net nei de takomst sjocht;
fan hjoed ôf hâld ik fêst oan trou,
sa’t Jezus dat by my ek die.

* Lucas Cranach de Jongere (1515-1586)
Skilderij ‘Jezus en de oerhuorrige frou’

admin

Libben en wellewetter

Bibelbylden

fan Leonardo da Vinci*

Fiif manlju ha ’k fersliten,
wiid en siid is dat bekend,
mar hoe koe hy dat witte?
Ik fûn it earst in frjemde fint.

Ik gean moarns nei de welle,
hjoed siet dêr in frjemdenien,
ik tocht, moai sitte litte…
hy hat myn libben iepensnien.

Hy frege earst om wetter,
sûnder amer koe it net,
in Joad moast dochs wol witte
dat fijânskip stelt hjir de wet.

It gie om libben wetter,
dat er my ta hawwe woe,
mar koest dat samar jitte…
ik wist net fan it wat en hoe.

It praat kaam op de manlju
dy’t ik al fersliten hie,
’k begûn derfan te switten
en wist net wat it bêste wie.

Hy hie ’t oer Geast en wierheid,
sa moast wêze ús gebed,
ik koe it echt net litte…
it wellewetter wie myn set.

* Leonardo da Vinci (1452-1519)
Skilderij ‘Jezus en de Samaritaanske frou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum