Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jehannes mei Petrus op’ en paad

Bibelbylden

fan El Greco*



Soe Jezus dochs in foarkar ha?
’t Is net omdat wy fisker wiene
dat wy soargje moasten foar it miel;
hy kaam op my en Petrus ta…
soe ’t feest him foar in útspraak liene?

Wy wiene beide daliks ree
fansels, mar wêr soe ’t wêze moatte?
Jezus’ antwurd wie: ‘In man mei krûk
sil jim wol bringe op it stee.’
Wy moasten by him troch de poarte.

Soe Jezus dat foarút al sjen?
Grif sjocht er skerp mei oare eagen,
want de man seach der net frjemd fan op;
hoe’t soks sa maklik trochgean kin,
’t is dat wysels it foar ús seagen.

Net ik, mar Petrus kaam dermei
dat Jezus liet syn foarkar blike
foar syn grutste maten út ’e groep;
dy útspraak kaam by Petrus wei,
al faker hat er ús ferlike.

* El Greco (1541-1614)
Skilderij ‘Sint Jehannes de Evangelist’

 

admin

Troch de holle fan Judas

Bibelbylden

fan Giotto*

It gie al langer troch my hinne:
as it moast, dan foar it Peaskefeest,
want faak hie hy it deroer hân,
hy woe yn minskehannen falle,
ik soe in hantsje helpe kinne.

It fielde as it moast hjoed heve,
lykas waard ik nei de timpel dreaun,
hie ien my hieltyd by de hân;
der skeat my oars net troch de holle:
’t is net om mei him ôf te weven.

Sa bin ik yn de timpel kommen,
ha dêr mei de hegeprysters praat,
it waard in oerlis oer de stân
fan saken, ’t gie net om safolle…
se wiene mei ’t gehiel ynnommen.

It giet no hieltyd troch my hinne:
kin it sûnder opskuor foar it feest?

* Giotto (1266/1267-1337)
Skilderij ‘It ferrie fan Judas’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum