Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Sliep en skamte

Bibelbylden

fan Giovanni Bellini*

Ik skamme my de eagen út,
want wekker bliuwe koe ik net,
de eagen waarden ús te swier,
ek dy fan Petrus en Andréas,
ik wol ’t wol witte… stjerrend wier.

Wy heinden út ’e fierte op
dat Jezus it oer stjerren hie,
it wie al tsjuster doe’t er bea,
Andréas murk noch op: ‘In beker…’
En Petrus lei doe al foar dea.

Wy kamen út ’e sliep oerein
doe’t Jezus der ynienen stie
en Petrus oanseach, wylst er sei:
‘Koest net in oere wekker bliuwe?’
Hy skamme him, wy diene ’t mei.

* Giovanni Bellini (1430-1516)
Skilderij ‘Jezus bidt yn Getsémané’ 

 

admin

Andréas oer fuotwaskjen

Bibelbylden

fan Ford Madox Brown*

It wie wer rekke mei myn broer,
krekt foar’t mienskiplik miel,
doe’t hy frjemd reagearre:
’t giet by him fan bakboard oer nei stjoer.

By Petrus giet it hinne wer,
’t is neat of hielendal
as koed er net wurdearje
wat krekt dien waard foar ús allegear.

Ik jou it ta, ’t is net gewoan,
sa foar’t mienskiplik miel,
dat Jezus wosk ús fuotten,
Petrus wegere op hege toan.

Doe’t Jezus him ek wegere,
hy hearde der net by,
gie Petrus oer nei stjoerboard:
hân en holle, ek it hegere.

It rekke my wat Jezus die
en sei: ‘Dus tsjinje jim
elkoar, de minste wêze,
lykas ik jûn by it miel ek wie.’

* Ford Madox Brown (1821-1893)
Skilderij ‘Jezus wasket de fuotten fan Petrus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum