Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Myn ferriederstút

Bibelbylden

fan Caravaggio*



Ik hear it him noch sizzen:
‘Judas, do ferriedst my mei in tút?’
Hoe kin ik nei fannacht noch sliepe…
ik kin gjin kant mear út.

Ik moast it paad wol wize,
him oanwize, want it wie al nacht,
de tút… ek teken om te gripen,
gjinien stie dêr op wacht.

Ik hie dochs wol ferwachte
fan de oaren dat it fjochtsjen waard,
ik hearde letter dat se sliepten…
wie hy dan harren maat?

Mar wat ha ik te sizzen
oer de oaren, ik ha him ferret
en sa de pommeranten stipe,
foar my is ’t no te let.

Ik hear it him noch sizzen:
‘Jimme macht is tsjusternis!’
As lei hy doe myn ûnmacht iepen:
‘Do Judas hast it mis.’

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De tút fan Judas’

 

admin

Sliep en skamte

Bibelbylden

fan Giovanni Bellini*

Ik skamme my de eagen út,
want wekker bliuwe koe ik net,
de eagen waarden ús te swier,
ek dy fan Petrus en Andréas,
ik wol ’t wol witte… stjerrend wier.

Wy heinden út ’e fierte op
dat Jezus it oer stjerren hie,
it wie al tsjuster doe’t er bea,
Andréas murk noch op: ‘In beker…’
En Petrus lei doe al foar dea.

Wy kamen út ’e sliep oerein
doe’t Jezus der ynienen stie
en Petrus oanseach, wylst er sei:
‘Koest net in oere wekker bliuwe?’
Hy skamme him, wy diene ’t mei.

* Giovanni Bellini (1430-1516)
Skilderij ‘Jezus bidt yn Getsémané’ 

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum