Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Spyt fan in soldaat

Bibelbylden

fan Edouard Manet*

It hie net wêze moatten,
mar ik liet my mei myn maten gean,
sa is ’t no ienkear mei soldaten,
desertearje is itselde as ferrie,
men moat der mei elkoar foar stean,
sa spylje wy it spultsje kaarten.

It wie in spul, sa boarten
wy as bern: in kening en syn folk,
in tûkekroan kaam op syn holle…
wêrom koe it mei in krimineel dan net?
Myn maten woene ’t mei in dolk,
mar mei in stôk soe’t ek wol wolle.

Ik tocht earst oan in septer,
want hy kriich in keningsmantel oan,
in stikelkroan kaam op syn holle,
mar de stôk, idee fan my, wie om te slaan…
ik die wol mei oan ’t earbetoan,
it spul, mar ’t oare wie tefolle.

It hie net wêze moatten,
swijend stie hy yn de keningsklean,
wylst wy as wrede berntsjes boarten…
desertearje hie ik moatten, nêst him stean.

* Edouard Manet (1832-1883)
Skilderij ‘Jezus bespot troch soldaten’

admin

It is net oars

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Ik kin it no wol sizze:
’k hie de smoar op myn kollega yn
dat hy alhiel gjin útspraak die,
Herodes draait mei elke wyn,
hâldt oer de dieders gjin berie,
ek net oer dizze.

Mar ik moast my beriede
oer de skuld fan him út Nazaret,
dy’t neffens my ûnskuldich wie;
ek nei har wet… dat wit ik net,
de Joaden raasden, gjin berie
mear oer syn dieden.

Ik koe net oars, wol trije
kear ha ik it rjocht nei foaren brocht
en ek wat Barabbas dien hie,
de Joaden ha der oars oer tocht
en wiene daliks út ’e rie:
oan ’t krús en lije!

* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Kristus sjen litten oan it folk’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum