Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Mem en nije soan

Bibelbylden

fan Michelangelo*



Hoe kin in mem it leed ferdrage
dat de soan hjoed oandien wurdt,
ûnskuldich oan wat misdie ek?
Ik woe him net allinnich litte…
’t giet troch my hinne as in swurd.

In mem hat skouders om te dragen,
mar dit krús is my te swier,
syn lijen dat de geast trochstekt;
Jehannes lit my net allinnich…
’t giet troch my hinne, stjerrend wier.

Hoe kom ik troch de drege dagen
oars as dat hy is myn soan,
in glim dy’t troch it tsjuster brekt;
ik sil him net allinnich litte…
kin ik as mem de dagen oan?

* Michelangelo (1475-1564)
Skilderij ‘Krusiging mei Marije en Jehannes’

admin

Soan en mem

Bibelbylden

fan Elias van den Bossche*



It giet fier boppe myn ferstân
út wat der allegearre bard
is sûnt wy oan de tafel ieten,
ik kriich it plak oan Jezus’ rjochterhân…
mar ha ik my hjoed ward?

’k Bin mei syn mem nei boppen gien,
har soan hong doe al oan it krús,
ik hear noch hoe’t se súntsjes gûlde,
tegearre ha wy earst op ôfstân stien…
wa fielt him dêr no thús?

Ynienen hearden wy syn stim,
fan boppen ôf seach hy ús oan,
syn eachopslach sil ’k nea ferjitte.
Tsjin my sei hy: ‘Sjedêr, dit is dyn mem.’
Tsjin har: ‘Dit is jo soan.’

It giet noch boppe myn ferstân
wat sein is boppe Golgota,
’t gefoel sprekt fan in hechte bân.

* Elias van den Bossche (sirka 1600-1620)
Ets ‘Kristus oan it krús’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum