Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Swier om út te dragen

Bibelbylden

fan Rafaël*

De opdracht weage swier foar ús,
wy hawwe twa útdroegen,
Ananias en Safira,
man en frou, sy kamen nea wer thús.

Sy hiene juster grûn ferkocht
en woene jild oerdrage,
alles wat se krigen hiene,
sa’t se beide seine, om ’e nocht…

… want Petrus hie de leagen troch,
de Geast waard sa bedragen,
net allinnich de gemeente,
sa’t er sei, ik hear syn oardiel noch.

Ik stie derby dy earste kear
doe’t Ananias weiwaard,
elkenien wie út ’e liken,
want dêr lei er, hie gjin siken mear.

De twadde kear seach ik noch krekt
it fallen fan Safira;
swier wie ’t om har út te dragen,
it is dan krekt as der wat brekt.

* Rafaël (1484-1520)
Skilderij ‘De dea fan Ananias’

admin

Barnabas yn de mienskip

Bibelbylden

fan ûnbekend*



De mienskip is it fêste plak
dêr’t ik sûnt koart by hear,
dat wurd seit al genôch:
wy binne ien en mien,
want elkenien krijt syn gerak,
wat ynkomt, is foar allegear.

Hjir neame se my Barnabas,
(hoewol’t ik Joazef hjit)
omdat ik moed ynsprek,
mar wat ha ik no dien?
Net oars as jild stoart yn de kas,
faak komt it oare noch, wa wit…

Ik kom fan Cyprus, myn besit
wie dêr in stikje grûn,
mar dat is net genôch,
want sân is mear as ien,
in mienskip wit hoe’t dat krekt sit,
dus ha ’k it goede plak hjir fûn.

* Ikoan ‘Barnabas’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum