Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Enéas rint wer

Bibelbylden

fan Anthony van Dyck*

Al acht jier hie ’k net bûten west,
foar my gjin waarmte fan de sinne,
nacht en dei lei ik op bêd,
ik koe alhiel net rinne.

Myn namme hat wol bûten west,
klonk troch in oar, grif út begrutsjen;
om’t iksels noch binnen wie,
die hy foar my in wurdsje.

Wylst ik mismoedich dêr sa lei,
seach ’k immen op myn bêd ôf kommen;
Petrus, sa’t syn namme wie,
hat myn bestean ferromme.

Ik koe wer stean, nei bûten gean
en oeren rinne, wylst de sinne
strieljend oan de himel stie,
sa fielde ’t ek fan binnen.

* Anthony van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Petrus’

admin

Pleit fan Barnabas

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Soe hy der net by hearre,
Saulus, earder fûl tsjin ús
as learlingen fan Jezus?
Hy reizge út Damaskus wei,
dêr’t hy it blide boadskip brocht,
dus fielt er him hjir thús.

Soe hy ’t foar ús bedjerre,
om’t er fûl tsjin Jezus wie
en Stefanus ferfolge?
Hy reizge nei Jeruzalem,
waard konfrontearre mei it ljocht,
dat wat te sizzen hie.

Sa ha ’k foar Saulus pleite
doe’t er hjir gjin oanhâld fûn,
al hearde hy by Jezus;
it slagge, want no docht er mei
en wurdt fan kwea net mear fertocht,
wat west hat, is ferjûn.

Wat west hat, kin ferkeare,
want de Grykske Joaden ha
it no fersjoen op Saulus;
hy fynt dy wjerstân net sa slim,
mar syn bestean leit ús net sljocht,
hy moat nei Tarsus ta.

* Byld yn ‘Eglise St-Cécile’ yn Theix yn Frankryk

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum