Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Kristen yn Antiochië

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Antiochië,
in stêd alhiel yn ’t noarden,
dêr’t gjin kristen te bekennen wie,
de Gryk it foar it sizzen hie,
dêr hat de sege gloare.

Antiochië,
se stjoerden my dêrhinne:
‘Barnabas, do hast yn dy it fjoer
en alles foar it boadskip oer,
lit Kristus’ pleit dêr winne.’

Antiochië,
ik liet de stêd net lizze
lykas it dêr iuwen hinne lei,
it wie sa as de Gryk it sei,
mar Kristus soe ’t oars sizze.

Antiochië,
de stêd om Kristus hinne,
kristen waard de namme, foar it earst,
in wurd dat tsjûge fan de Geast,
it soe de wrâld trochrinne.

* Byld ‘Barnabas’

admin

Troch de Geast gelyk

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Lit my foar allegearre sprekke,
ek út namme fan Cornelius,
wy binne goede maten,
wis, ek boargers fan ’t Romeinske ryk,
’t wie juster noch foar ús in plus,
mar hjoed is elk troch Petrus rekke,
mei de doop oan him gelyk.

It kaam troch beide fisioenen
dat wy rekken op deselde wei,
de wei fan Jezus Kristus;
Petrus hat oan ús it boadskip brocht
dat ek Romeinen telden mei;
as wy yn ’t Godsryk leauwe woene,
kamen wy ek ta ús rjocht.

It grutste wûnder moast noch komme:
elkenien waard rekke troch de Geast,
dy’t troch de romte waaide,
ek foar boargers fan ’t Romeinske ryk;
it giet net mear om wa komt earst
of dy is heiden, dy de fromme,
troch de Geast is elk gelyk.

* Yllustraasje ‘Cornelius’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum