Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Manaën, maat fan Herodes

Bibelbylden

fan ûnbekend*

As jonkje koe ik my net skamje,
wie doe mei Herodes maat,
hy woe de kening wêze, ik soldaat,
sa ha wy moannen boarte.

’t Kaam út, Herodes waard ek kening,
siet as hearsker op ’e troan,
sa giet it ienkear mei in keningssoan,
mei graasje troch de poarte.

Iksels bin troch in oare poarte
gien, dy fan it smelle paad,
wat lei no ienkear yn myn freedsum aard,
it paad dat Kristus wiisde.

Ik stean fersteld fan wat ik hearde,
want Herodes is net mear,
siet op ’e troan as wie hy himelsk Hear,
wêr’t kristenen fan grize.

As jonkje koe ik my net skamje,
mar ik skamje my no wol:
in kening yn in godlik hege rol
is hiel wat oars as boartsje.

* Munt ‘Herodes Agrippa I’

admin

Tsjinstfaam Rodé fertelt

Bibelbylden

fan Hendrick ter Brugghen*

As tsjinstfaam rêd ik mei de doar,
fannacht dus ek, in frjemde tiid,
earst waard ik kjel,
want wa koe men ferwachtsje?
Ik die de doar yn ’t kier
en waard doe tige bliid,
want Petrus stie derfoar.

’k Liet Petrus earst op strjitte stean
en rôp: ‘Hy is derút, sit net
mear yn de sel!’
Gjinien woe dat earst leauwe.
‘In ingel,’ waard der sein,
‘dy komt sa let.’
As faam koe ik wol gean.

Dus liet ik Petrus rap deryn,
hy die doe fan syn nacht ferslach,
’t kaam hjir op del:
in ingel stie ynienen
by Petrus yn de sel
en sûnder slach
of stjit sei dy: ‘Ferdwyn!’

* Hendrick ter Brugghen (1588-1629)
Skilderij ‘De befrijing fan Petrus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum