Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tintemakker Aquila

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik ha Paulus yn Korinte troffen…
wie it tafal of is ’t sa bestjoerd?
Wy binne beide tintemakkers,
ûnderweis, nachts ûnder ’t doek,
elkoar hjir moetsje jout ús moed.

Keizer Claudius hat ús ferjage,
hookstrooks moasten wy út Rome wei,
allinnich om’t wy Joaden binne,
swalkje wurdt sa ús gebrûk,
ús libben stiet bytiden faai.

Paulus hat ús lykwols net beklage,
jout de Joaden in bliid boadskip mei,
want wa’t mei Kristus rint, sil winne,
komt úteinlik goed teplak,
nei Rome ta is net de wei.

* Yllustraasje ‘Paulus yn Korinte
by Aquila en Priscilla’

 

admin

Omkear fan Dionysius

Bibelbylden

fan Rafaël*

Yn Atene bin ik berne,
stêd fan kennis oer de goadewrâld,
dêr’t ik mei hiel myn siel yn leaude,
want de goaden binne mannichfâld,
men moat se allegearre kenne…

… nei it wurd fan filosofen:
‘Sjoch mar nei de hiele maatskippij,
dy’t wy besjogge fan mear kanten,
dat dêr passe ek de goaden by!’
Mar soe dy teory wol doge…

… frege ik my ôf; doe hearde
ik in sprekker op it grutte plein
dy’t net yn al ús goaden leaude,
mar it hold by ien, hy hat ek sein:
‘It is in God fan hege wearde!’

’k Bin wol yn Atene berne,
mar de goadewrâld seit my neat mear
sûnt Paulus’ wurd my nei Him kearde
dy’t as Skepper krijt de heechste ear…
de goaden moatte dêroan wenne.

* Rafaël (1483-1520)
Skilderij ‘Paulus yn Atene’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum