Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Paulus nimt ôfskie

Bibelbylden

fan ûnbekend*


Myn tredde reis rint nei de ein,
dy’t wy berikke oer de weagen
fan de Middellânske See:
mei Pinkster yn Jeruzalem,
ik krij it troch de Geast foar eagen.

Wy ha earst yn Miléte lein,
dêr’t âldsten út Efeze kamen
foar myn ôfskie, want ik sil
it kristenfolk dêr net mear sjen,
it is foargoed farwol en amen.

Myn lêste wurden ha ’k doe sein:
‘De Geast sil jimme fierder liede,
wês foar wyn en flammen ree.’
It lei miskien wol oan myn stim,
gefoelens streamden by it skieden.

* Skilderij ‘Apostel Paulus’

admin

Eútichus libbet op ‘e nij

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Se seine dat ik dea west ha,
mar dêr wit ik neat fan,
hoe soe ik dat ek witte moatte?
In deadenien kin neat mear sjen,
se seine… it wie stjerrend wier… no sa!

Ik wie nijsgjirrich nei ’t berjocht
fan Paulus oer de Hear,
dy’t opstien wie, as troch in poarte
fan dea nei libben, Paulus koe ’t
moai bringe: fan de neare nacht nei ’t ljocht.

De lampen brânden yn de seal,
it duorre lang, ’t waard waarm,
de eagen koe ’k net iepenhâlde
dêr yn de finsterbank, doe moat
ik fallen wêze, wekker wie ’k mar heal.

Se seine, Paulus kaam derby
en foel op my, ’t kaam klear,
se moasten ’t each op Jezus hâlde,
dat hearde ik, doe koe ’k wer sjen,
it fielde as begûn ik op ’e nij.

* Yllustraasje ‘Paulus jout Eútichus it libben werom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum