Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan de Romeinen 2

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Oer Abraham wol ik it ha,
in foarbyld ek foar de Romeinen,
dy’t wol witte wat in frjemdling is…
út Oer gie hy nei ’t westen.

It wie foar Abraham gjin die
om mei it krop foarút te rinnen,
want hy fielde him soms lang net wis,
hoewol’t er troch God roppen wie.

It kaam foar him op ’t leauwen oan
en net op wat de minsken kinne,
Abraham wist fan it kwea ferjaan
en fan ’t foarútsicht op in soan.

’t Komt net op rituelen oan,
jim as Romeinen kinne winne
Gods genede sûnder wat te dwaan,
wat David ek sei op ’e troan.

Oer Abraham ha ik it hân
en David, dy’t it heil foarseine:
wat in lok dat men beholden is
troch ’t leauwe yn ’t beloofde lân.

Yllustraasje ‘Paulus mei de brief oan de Romeinen’

 

 

admin

Brief oan de Romeinen 1

Bibelbylden

fan Paulus*

Mei alle goeds sprek ik jim oan,
it hiele folk fan Rome;
omdat God fan minsken hâldt,
komt jim no al de frede ta,
dus libje út syn goedens wei,
ik skriuw út namme fan de Heit en Soan.

Ik moat it mei dit skriuwen dwaan,
kin net meikoarten komme,
mar jim bliuwe yn ’t ûnthâld,
dan reizgje ’k letter nei jim ta
mei ’t boadskip fan de nije tiid,
ik skriuw dit no om jimme hoop te jaan.

Sels yn Korinte ha ik heard
hoe’t jim mei ynmoed leauwe,
dat ferhaal giet oer de wrâld
en komt mei waarmte op my ta,
lûkt tagelyk it boadskip oan
dat ik al jierren bring fan stêd nei stêd.

* Kopy út ’e tredde iuw fan Romeinen 1,1-7  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum