Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan Timoteüs 10

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Dan noch de ein, Timoteüs:
no’t myn tiid hast kommen is,
hat gâns folk my sitte litten
dat foar bruorren trochgie,
sa ferrint it libben dus.

Myn bloed wurdt al ta offer stoart
sa’t ús Hear oerkommen is;
wit, de goede striid ha ’k striden,
’t leauwe wis beholden…
myn belidenis yn ’t koart.

Sa’t ik al skreau, it wie in striid:
útrûn ha ’k de wedstriidbaan,
dus fertsjinje ik de krânse
fan de Hear dy’t trochiet
foar betrouber troch de tiid.

* Yllustraasje ‘Lauwerkrânse’

admin

Brief oan Timoteüs 9

Bibelbylden

fan Hendrik dewith*



Timoteüs, it komt der wol op oan
yn ’t lêste fan de dagen
as minsken domdryst gean
har eigen leafdeleaze wei…
do nimst it goede paad, myn soan.

Myn foarbyld hasto folge, leafdefol
yn hâlden en yn dragen,
ek yn ’t dragen fan de lêst
fan alle noeden op ús wei:
ferfolging easket op in rol.

Timoteüs, bliuw trou oan Kristus’ lear,
dan sil it foar dy daagje
hoest de wei wiist fan behâld,
jou dysels mei ’t evangeelje wei,
dan wurdst beholden troch de Hear.

* Ut ’e samling fan Hendrik dewith
Yllustraasje ‘Timoteüs lêst de brieven fan Paulus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum