Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan de Hebreeërs 1

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wol harkje nei de tiid
fan doe en hjoed de dei,
doe wiene it profeten
troch wa’t God kaam mei syn wurd,
mar hjoed fertel ik fan de wei
dy’t Kristus mei ús giet.

Gjin ingel lykas Hy,
dy’t trochgiet foar de Soan
fan God om heech te sitten
op ’e troan yn ’t himelryk;
as stoarmwyn fljocht in ingel oan,
mar Kristus bliuwt derby.

Hy waard oan ús gelyk,
as minske troch de dea,
hat ús net sitte litten
yn eangst foar hoe’t it komt;
in ingel middelet foar ús nea,
mar Kristus liedt nei ’t ryk.

* Fragmint út ’e brief oan de Hebreeërs

admin

Brief oan Filémon

Bibelbylden

fan Paulus*

Filémon, kristen yn Kolosse,
dy’t it goede foarbyld jout,
beskôgje dit as komplimint;
oan dy is ’t boadskip tafertroud,
do silst der goed op passe.

Ik bin in âlde man, sit finzen,
ha net folle mear yn sicht,
wol pleitsje ’k foar Onésimus
en wiis dy op dyn kristen-plicht:
stap oer de eigen grinzen.

As slaaf hie hy net flechtsje moatten,
siet by dy ek yn de skuld,
as geastlik heit nim ik dy oer;
nim him wer oan en ha geduld,
hy is yn grutskens koarte.

* Part fan de brief oan Filémon

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum