Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief fan Jehannes 8

Bibelbylden

fan Jehannes*

Dit is de twadde brief
dy’t ik oan de gemeente skriuw,
wol folle koarter as de earste;
twa wurden binne wichtich: bliuw
de wierheid trou,
de leafde jout it aldermeaste.

De wierheid wurdt ferbûgd
troch lju dy’t net foar Kristus gean,
ferlieders dy’t de wrâld ferkieze,
sy krije har fertsjinne lean:
gjin wolkom thús,
de leafde sille sy ferlieze.

* Fragmint út ’e twadde brief fan Jehannes

admin

Brief fan Jehannes 7

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De Soan fan God is kommen
om te kennen God de Heit,
Dy’t ús ivich libben jout,
sa wurdt ús Ierdsk bestean ferromme.

Mei wetter waard Er dope,
oan it krúshout siet syn bloed,
tusken beide libbe Hy
foar ús mei leafde, leauwe, hope.

Mei Kristus hat God tsjûge
fan syn leafde foar de wrâld,
elk dy’t op syn Wurd fertrout,
wurdt ta it ivich libben nûge.

* Yllustraasje ‘Doop fan Kristus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum