Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiere dream

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pedro Berruguete*

Image

Kin in dream ta wierhied wurde
of driuwt er as de wolken oer?
In flits, in tongerslach,
ferskynsels sûnder foarm en doer,
mar dochs, soms klinke wiere wurden.

De dream fan kening Salomo:
It wie de Iene dy’t him sei
te freegjen wat er hawwe woe,
hy soe it fan de Iene krije.
Salomo tocht net lang nei,
hy wie as kening jong, hoe koe
hy him oan ’t rjochte libben wije?
Opmerksumens, dy iene wei
fan rjocht, it goede boppe kwea,
sa kaam de kening mar op trije.
It wie de Iene dy’t doe sei
dat Salomo om wiisheid bea,
mar folle mear noch soe hy krije.

Kin in dream ta wierheid wurde?
De wiisheid naam de rykdom mei
en ’t libben lang fan doer,
mar nei de nacht kaam earst de dei
fan ’t keningsmiel mei sljochte wurden.

* Pedro Berruguete (sirka 1450-1504)
Skilderij ‘Salomo’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum