Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa tsjûgen

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In mjitstok kriich ik yn de hân
om de timpel op te mjitten,
mar it foarhôf net, dat is it plak
foar alle heidenfolken,
dy’t de stêd as púnheap achterlitte;
twa tsjûgen seach ik kommen
mei sekken om it faaie liif,
mar wol ha sy de macht
oer wetters en oer wolken,
ek om pleagen op te roppen;
is har tsjûgenis folbrocht,
dan komt it Ofgrûnbist
om harren om te bringen,
wat giet yn tsjin tsjûgenis en rjocht;
har liken lizze op ’e strjitte
foar it each fan alle folken,
sy sjogge ’t drama oan mei nocht;
God bringt wer libben yn de tsjûgen,
ropt har nei de himel ta,
’t spytgnyskjend folk is kjel,
noch kjeller wurdt it by it stjitten
fan de ierde as sântûzen deaden falle,
de rest jout him by’t needlot del
en earet God.

* Yllustraasje ‘Twa tsjûgen’


Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum