Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Timpelhout

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Wa kin in timpel bouwe
sûnder hout fan kwaliteit?
Yn Israel wie ’t net te finen,
dus waard ymport ta in feit,
de polityk joech it fertrouwen.

Twa foarsten ha as maten
oerlis fierd, mar wol mei takt,
dat wiene Salomo en Chiram,
sûnder help fan in kontrakt,
fertrouwen wie de grûn fan praten.

Image

Yn ’t noarden waard fûl kappe
seder- en sipressehout,
dat kostber wie yn Chirams eagen,
like djoer as timpelgoud,
syn folk soe ’t swiere wurk wol lappe.

De stammen waarden rôle
nei de see en dreauwen nei
it suden neffens Chirams plannen,
Salomo joech oan de wei
fan wat er tasein hie: de bôle.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Seders fan de Libanon
foar de timpelbou’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum