Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skieden

Bibelbylden
Skieden PDF Print E-mail
fan Albrecht Dürer*

Image

Noch steane sy yn ’t neaken,
sa te sjen kin ’t bêst wol lije,
kreas yn ’t fel en lang fan hier,
de omkear is lykwols net fier,
dat skamteblêd is al in teken.

‘Ik sis dit wier net foar de grap,
’t is foar jim bêstwil, nim in hap.’

De eagen binne rjochte
op wat oars as op ’t ferbeane,
dat it kin wol út it sicht,
de frucht fielt foar syn fieding licht,
mar bringt de omkear wol it ljochte?

‘Jawis, ’t ferljochtet klear jim brein
en dêr is alles wol mei sein.’

De linkerhannen fiede
wat de rjochter eins net wolle,
mar gjin finger hâldt it tsjin,
foar beide jout it gjin gewin,
sy binne foar de takomst skieden.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Adam en Eva’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum