Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sauls tekoart

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pieter Bruegel de Oude*

It wie de kening al foarsein
troch Samuël by ’t deadewiif:
der komt in kear in ein,
de geast al dea, no noch it liif.

It moast wol barre yn de striid
troch ’t Filistynske foarhûdfolk,
oars as yn earder tiid
doe’t David tsjinne as Gods tolk.

Image
detail

De striid wie fûl en gie ferlern,
wylst Saul bedarre yn in rein
fan pylken, sa te sjen
rûn ’t nei de ein lykas foarsein.

De ein, mar net troch ’t foarhûdfolk,
syn wapendrager moast it dwaan
as Samuël syn tolk…
soe eigen folk de kening slaan?

Saul seach ’t him oan, syn geast wie dea,
no noch syn liif yn ’t eigen swurd;
’t berjocht rûn troch it gea:
gjin soan fan Saul dy’t kening wurdt.

Image
detail

It foarhûdfolk fûn kenings lyk
en hat troch hals en nekke slein,
mei David gjin ferlyk,
want hy hie Goliat ferslein.

* Pieter Breugel de Oude (sirka 1520-1569)
Skilderij ‘De selsmoard fan Saul’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum