Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Manlju op ien ein

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

It binne manlju op ien ein
mei bloed sa tin as sûpe,
daliks nei ’t it lêste sein
is, sil it nei de fûsten krûpe.

Egyptners ha it tafersjoch
op slaven, neat te sizzen,
hannen binne net omdoch,
Hebreeërs sille ûnder lizze.

’t Hebrieuske jonkje oan it hôf
is man mei fûsten wurden,
hâldt him foar de gjalp net dôf,
syn jeiend hert is al ferhurde.

Image

Hy grypt in stôk en slacht dan ta,
’t lyk mei gjin sprekken lije,
sân deroer, gjin wurd, no sa…
sil hy syn eigen folk befrije?

It binne manlju op ien ein,
Hebreeërs dy’t no fjochtsje,
daliks nei’t de iene slein
hat, sil de oar oer Mozes rjochtsje.

Egyptners ha it tafersjoch,
de macht, hy leit dus ûnder,
fuotten binne net omdoch,
in moardner-flechtling kin net sûnder.

* In part fan it mozayk yn de San Marko
te Fenetië

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum