Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gideön

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*
fan anonym**

It lân lei ûnder it bewâld
fan goaden dy’t foar eagen wiene,
Baäl en Astarte joegen hâld,
it folk liet los syn God, de Iene.

Gjinien doarst mear nei ’t eigen lân
troch ’t skrikbewâld fan Midjaniten,
mei syn eigen goaden hold de fijân stân
op kosten fan Israeliten.

Image

Gjin kear koe komme sûnder brek
fan Baäl en Astarte, roppen
waard doe Gideön, dy’t hold foar gek
de goaden, helle har fan boppen.

Nei ’t brekken mei it goadedom
moast Gideön de macht bestride
fan de fijân, net foar eigen rom,
hy hie de Iene oan syn side.

Dus hoegde ’t leger net sa grut:
wa’t bang wie, mocht nei hûs ta rinne,
mar tsientûzen hiene dochs wol nut?
Mei minder moast it ek wol kinne.

Wa’t wetter slikke as in hûn,
teach mei de striid yn, trijehûndert,
sa hat Gideön fan Midjan wûn,
it gie mei ljocht en lûd foar wûnder.

Image

* Yllustraasje út ‘e Maciejowski-bibel

** Yllustraasje út in 15e ieusk Flaamsk hânskrift

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum