Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferdreaun

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Michelangelo*

Image

De grip wie dien, gjin wei werom
rûn nei de libbensbeam,
foar har gjin bist of blom,
de ein fan harren Edendream.

In stim brocht út it achterhôf
in rille oer de lea,
se winsken harren dôf,
mar ’t klonk oer hiel it toarre gea:

‘Do frou, moatst him dêr nêst dy sjen,
dyn langstme is net oer,
mei lijen krijsto bern,
dyn draachtiid is fan lange doer.

Do man, ferflokt is no de grûn
dêrsto op wurkje silst
mei swit oant yn de jûn,
de lêst wurdt swier dêrsto oan tilst.’

De slach is slein mei ’t ingelswurd,
it antlit lûkt nei âld,
de lêst nei ’t lêste wurd
stekt troch de siel as stiel sa kâld.

* Michelangelo (1475-1564)
Skildering yn de Sikstynske kapel

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum