Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Korintiërs 5

Bibelbylden

fan Rembrandt*



Myn reis giet faak fan plak nei plak,
dus gean ’k troch ’t libben as frijman,
net bûn oan frou of bern,
sa kin ’k frijút it boadskip bringe,
yn in tinte fyn ik ûnderdak.

Myn libbensreis slút man en frou
net út dy’t kamen ta ’t beslút
om trou te wêzen oan
elkoar en berntsjes grut te bringen,
mar mei mear persoanen stekt it nau.

De soargen fan it troude pear
ha mear te krijen mei de wrâld,
de dingen fan de dei
om ‘t oaren nei it sin te meitsjen,
foar ’t gefoel komt men dêr net mei klear.

Wa’t frij is fan in man of frou,
is tagelyk net frij, hat soarch
mei dingen fan de Hear,
dêrfoar kin men syn tiid frijmeitsje,
sa doch ik, ’k bliuw oan myn ropping trou.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Apostel Paulus’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum