Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Korintiërs 4

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Korintiërs, oer guon ha ’k heard
dat sy soms nei de hoeren gean
om har gerak te heljen,
wat by jim de geast bedjert.

De frijheid fan in kristen is
in ryk besit om foar te gean,
mar net om te beteljen
oan de hoeren, dan is ’t mis.

It lichem is ek in besit,
mar net allinnich foar mysels,
it is in diel fan Kristus,
dêrom dat ik kristen hjit.

Dus asto nei de hoeren giest,
dan joust in diel fan Kristus wei,
ferbrekst dêrmei de ienheid,
wat perfoarst op delgong wiist.

It lichem is in timpel fan
de Geast, dat wês dêr sunich mei,
in timpel dêr’t de wiisheid
opbloeit neffens himelsk plan.

Yllustraasje ‘Bleate dûnseres’

 

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum