Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Korintiërs 12

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In twadde brief is nei jim kommen,
fan de oare kant, wer út Efeze wei;
wy ha in drege tiid meimakke:
twivel tusken trochgean of de dea,
ús libben stie hjir faai.

Mar God hat ús bestean ferromme,
dat ik koe wer trochgean, lykas oars op wei,
doe ha ik nije plannen makke:
hinne en werom nei jimme ta,
mar ’t is der net fan kommen.

Ik wit dat jim it my ferwite
dat ik no net kom en mei twa mûlen praat
as hie ik jim dêrmei te pakken,
mar myn nee is nee, myn ja is ja,
ik wyk net ôf fan ’t paad.

Dus rop ik God op as myn tsjûge,
Dy’t net nee seit, mar yn Kristus ja sein hat;
troch net te kommen, woe ’k jim sparje,
net om baas te spyljen, soks bart nea,
jim hoege net te bûgen.

* Ikoan ‘Paulus’

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum