Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bline wraak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Tweintich jier wie Simson rjochter,
in jubileum yn de finzenis?
Syn tastân makke him ûnwis,
hoe waard er blyn noch fjochter?

Rûnom hearde hy de lûden
fan ’t Filistynske folk mei feestlik moed,
it fielde foar himsels net goed,
’t gefoel dat geasten woeden.

Nei de timpel waard er helle,
jûchhei en laitsjen foelen op him del,
dit wie noch slimmer as syn sel,
dêr koed er stappen telle.

‘Lit my,’ sei er tsjin de jonge,
‘de pylders fiele, want dan ha ik rêst.’
Sa kriich er wer syn âld hâldfêst,
wylst trijetûzen songen.

‘Jou my,’ bea er oan de Iene,
‘myn krêften foar de bline wraak werom.’
Doe treau er beide pylders om,
dêrmei de Filistinen.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Simsons dea’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum