Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Abigaïls kompensaasje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Simone Pignoni*

Boer Nabal fiert syn jierliks feest
oerdiedich by it skieppeskearen,
hy sjocht net op in inkeld bist
foar eigen mage, ta syn eare.

As swalker David nei him stjoert
yn frede ’t boadskip fan de hoeder,
dan spat er op, tin wurdt syn bloed,
hy spuit it boadskip fan de loeder.

By David rint de spanning op:
de dea oan elke muorrepisser!
Wylst krijt de boer in dwile kop,
syn eigen rom ferneart gjin misser.

Image
detail

Mar Abigaïl, wize frou
fan dronken Nabal, hat fernommen
syn gekkepraat en reizget ôf
mei fracht om deaslach foar te kommen.

Foar David bûcht se nei de grûn,
biedt oan wat Nabal hat fersomme,
se hawwe beide frede wûn,
it tinne bloed is fan de domme.

It feest is oer, stil lizze gea,
boer Nabal, ek de skiep derhinne,
de dwaas waard helle troch de dea,
de wize soe de leafde winne.

* Simone Pignoni (1614-1698)
Skilderij ‘David en Abigaïl’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum