Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dochs de punt ûnder

Lyrysk Deiboek

Sjedêr in trijehoek
mei reade râne,
dus de eagen iepen:
fyts en bromfyts earst,
foar har de foarrangssône.

Mar hâldt it boerd wol hoek?
It kin te krijen
ha mei nije regels,
meastal yn de geast
fan stadichoan fernije.

Nei stúdzje yn it boek
dat stekt it âlde
faak noch yn de hichte,
sil de trijehoek
de punt derûnder hâlde.

admin

Opstân mei Peaske

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It wie in opstân út ’e deaden
fan de Ierske hongersneed,
as wie de Hear sels opstien;
grut wie earder Ierlâns leed,
dat him tsjin Britske wetten kearde.

De Ieren stiene op mei Peaske,
net massaal, in tûzen man,
Pearse wie, as Kristus, lieder,
hie de republyk as plan,
dêr’t eigen folk yn frijheid hearske.

Tsjin fiifenfyftichhûndert Britten
koe de lytse Ier net op,
it kaam ta eksekúsjes,
fyftjin koste it de kop…
wa koe dy wrede wraak ferjitte?

It bloed fan Pearse wie foar de Ieren
wetter foar de frijheidsplant,
dy’t ryk begûn te bloeien:
Ierlân wie net mear de klant
fan ’t Britske ryk, koe sels wol tiere.

Foto ‘Opstân’
Foto ‘Nei de opstân’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum