Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De offerstriid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Lastman*

De Tauriërs, in folk dat libbe op ‘e Krim,
wie út op rôf en sûnder mis
hie altyd bút, stiel slûpend slim
it byld fan Grykske Artemis.

Image

Dêr stiet se heech en grutsk, goadinne fan de jacht,
mei nêst har ’t wyld, it hart as proai,
de timpel hâldt oer ’t folk de wacht,
it alter stiet yn blommetoai.

De beide Grykske helden, Pylades en maat
Orestes, woene ’t byld werom,
mar ’t waard har needlot, troch de haat
fan Tauriërs stoar wei har rom.

Image

De boal stiet klear, de hannen om it kneppelhout,
en wachtet op de offermins:
se gunne, mei de dea fertroud,
elkoar de lange libbenslins.

Lykwols Orestes’ suster Iphigeneia
rêdt fan it lôgjend alterfjoer
de beide trouwe freonen, sa
wint frouwemoed fan boalekloer.

Image

* Pieter Lastman (1583-1633) makke fan 1603 oant 1604
in reis nei Italië. Op it skilderij ‘De Offerstriid’ (1614)
kin men de ynfloed fan de Italiaanske Renaissance merkbite.

admin

Laits en earnst

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frans Hals*

Frans Hals, it kin net oars,
do wiest in man fan ’t libben
mei in skerpe noas
foar wat de tonge aait;
gjin fanatike stribber
wiest, mar mear in flagge
sa’t de wyn hjoed waait.

Image

Dêr is er dan, de bûtenjonge,
gol fan laits om wat noch grappich is,
mar dochs mei ‘avesearje’ mongen,
‘want ik moat derhinne, sûnder mis!’

De eagen heine op en ljochtsje,
wylst it hier springt alle kanten op,
de tosken flymje om te fjochtsjen,
mar sabeare sûnder slach of skop.

Image

Is ’t bûtenjonkje jierren letter
wurden ta in man fan ‘pakke mar,
wat binnen komt, is folle better,
want it echte libben jout gjin kar’?

* Frans Hals (1580-1666) wie ien fan
de belangrykste Nederlânske skilders
fan de santjinde ieu.
Hy skildere in protte portretten.
Troch syn flotte streek dogge
guon fan syn skilderijen
ympressionistysk oan.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum