Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ballade fan de arke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De driging fan de grutte floed
hat Noach ta de hammer brocht,
hy boude op wat lytser foet,
mar kaam wol yn in wrâldwiid ljocht.

De wrâld yn ’t teken fan ’t klimaat
fûn yn de arke ûnderdak,
in geastlik hûs mei ’t dier as maat,
sa kaam it libben oan de bak.

Heech oan de bak hong ’t wolkomsboerd,
want elk koe komme, ’t koste wol
fiif euro foar wa’t siet yn noed
of net en dan noch: fol wie fol.

Image

Doe kaam de arke oan yn Snits,
de stêd wol oan wat wetter wend,
oan boaten ek, fan Pan oant flits,
sa’n plak hie folle minder kind.

De floed fan libben naam dêr ta,
de bak waard fol, it wetter heech,
sa woe de geast ’t klimaat wol ha,
mar foar ien bistke waard it dreech.

De wrotmûs wie it einbeslút,
bewrotte net syn ûnderdak,
mar de sjiraf woe der wol út,
hy bleau wol boppe bûtenbak.

Image

admin

Keninginnedei 2009

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De lûden fan de blaaskapel
op hichte fan it kariljon
ferstruiden wille, sweefden del,
de moarns noch licht as in ballon.

Image

Se dûnsen boppe it trottoir
fol mei it folk fan ’t frije feest
en namen mei fan alle waar,
de moarns gie ’t elk om earst en meast.

Image

Gjin auto wie noch op ‘e dyk,
dat neat ferbriek de harmony,
wol stikken glês noch sûnder lyk,
it stûke, dûns en melody.

Image

De middeis rekke ’t op ‘e kop
ferkeard wat moarns noch wille wie,
de flagge hong yn ’t blauwe slop,
it read fertelde fan de die.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum