Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Roerkening

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Blau wie de dei en fier it sicht
en ’t eilân libbe as in hert,
it sintrum fan it lykwicht
mei de kyl fan swier gewicht,
dat omslaan soe it net.

Image

Roerkening, namme fan gewicht,
troch flaggen yn it feestkleed set,
it roer as stjoerend septer,
dêrom siler doch dyn plicht,
do stelst de wedstriidwet.

Image

Sterk wie de wyn, de kyl te licht,
it fieren fan de skoat te let,
it sintrum kaam út lykwicht,
mar de kening die syn plicht
oan ’t roer en wie beret.

Image

admin

Bullguard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dy nacht koe net mear stikken,
jagen se der alles troch,
mar ien dy jage it derút;
de jongste hold de wacht, mocht kicke
op syn cola en kroketsje noch,
patatsje oarloch ta beslút.

Hy hold de wacht oer bollen,
bullguard stie op ’t wite shirt,
in earenamme foar de kick;
hy hold behalve wacht de holle
koel en hearde net de namme nerd,
behalve jong wie hy ek dik.

Dy nacht wie neat tefolle,
stikken gie it halterút,
gjin harsens wachte op ‘e bus;
de bullguard wachte wol op bollen,
mar dy loeken him it kickshirt út,
wol stikken koe syn namme dus.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum