Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op ‘e lûken

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

Foar de sart hat it al stûke
by de Heale Moanne, doe’t de gyk
yn ’t want bedarre, gjin panyk,
de reparaasje barde op ‘e lûken.

’t Duorre mear as seis minuten
foar’t de Heale Moanne wie fan start.
‘Gjin tinken oan,’ sa waard der sein,
‘dat Piter* noch in kânske hat.’
Dochs alfde… ’t reparearjen die fertuten.

Douwe** koe de sege rûke,
’t kampioenskip lei ek foar de hân,
dochs waard de Pan troch ’t Fean ferslein,
de skipper hold by ’t roer gjin stân,
rûn mei de hân foar eagen op ‘e lûken.

Image

* Piter Brouwer
** Douwe Visser

admin

Wite do

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

De nije skipper hie him sjoen,
in wite do siet op ‘e reling,
teken fan in slagge striid,
al waard er dan gjin kampioen,
foar Huzum kaam in nije tiid.

De jonge Loadewyk hie ’t goed
besjoen, gjin sprake fan ferfeling
tusken kampioenen yn,
mar doe, as sûpe waard syn bloed:
de Hearrenfeansters wiene blyn.

Image

Want seagen sy de boei dan net,
dat Huzum hie it rjocht fan wei?
Protest, want wet wie wet!

Op kop bestrieden twa elkoar
as wiene ’t wiere kampioenen,
Berend* kaam it earste fuort,
mar healwei rekke Ulbe** foar…
werom nei Loadewyk syn lot.

Image

Protesten waarden net trochset,
want as it bloed fynt wer syn wei,
dan jildt de fredeswet.

* Berend Mink
** Ulbe Zwaga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum