Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kleurleas dakron

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

It wie de dei foar Aldjiersjûn
doe’t heech de flammen lôgen
en ’t fjoer al gau it Snitser dakron fûn,
it túch dat nea in striid foltôge.

In twadde túch moast it doe dwaan,
dat op it earste like,
tradysje frege om in kleur te jaan,
it wite moast foar ’t brune wike.

De kleur wie goed, mar ’t resultaat
koe lang gjin sprekken lije,
de coatinglaach hie by it brún gjin baat,
dat Snits moast op ‘e nij fernije.

Fan dit ferhaal is de moraal:
hâld fjoer en kleur derbûten,
want wyt spriek earder al in eigen taal,
yn elke fok past wol in loete.

Image

admin

Lêste katoenen tút

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

It wie it ôfskie fan ’t katoen,
noch ien kear kriich it op ‘e hûd
troch wynkrêft fiif, dan del foargoed,
hok túch waard lykwols kampioen?

It Lemster hie de put derút,
mar ’t woe noch op ‘e lêste dei
mei fiif en eigen krêften nei
plak ien, wat slagge ta beslút.

It Feanster hie in dikke reef
en mei de wyn in hecht ferbûn,
as twadde waard it kampioen,
it skipperseach wie goed op dreef.

Image

Hy hold it each skerp op ’t katoen
en hat sa trije tuten wûn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum