Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hobbels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit hobbels wêze wat se wolle,
om’t der fariaasje is,
beslacht de ien it mei de gek,
de oare fynt gjin oere wis,
in tredde hat in lichte holle.

Image

Mei leeljes bloeiend yn it wetter
wurdt de fariaasje wis
wat grutter troch ’t konsumpsjeblik,
in hobbel fan wat is der mis
mei, want recycling folget letter.

Image

Lit hobbels mar natuerlik lizze
as twa bulten fan sêft sân,
besjoch dy mei wat symbolyk,
as bergen yn it Fryske lân
of boarsten om it frousk te sizzen.

Image

Wol men de ierdske hobbels mije,
meitsje dan de holle licht
en hobbelje oer elke wolk
mei rûnom oant de kym it sicht
op fariaasje en it frije.

Image

admin

Ommekear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie de Skepper dy’t de beam
op ’t wetter driuwe liet,
dat farders wisten ’t wie fertroud
om skûtsje, skou of boerepream
te bouwen fan it hechtste hout.

Image

Us pake wie Him tagedien
en song by ’t roer in psalm,
want hied er net in skûtsje kocht
fan hout en fan de Hear te lien,
dat pake foer foar Him mei nocht.

Dochs makke pake ’t izer mei
dat Hy ek driuwe liet
as skip mei tank oan God de Hear,
ús pake song in psalm dy dei,
want naam syn libben net in kear?

Image

Hjoed sjoch ik klear in ommekear
yn ’t houten wylgeramt
dat sinkt foar ’t driuwend skip fan stiel,
dat wâlen bliuwe kant en klear,
it hout de ear foar dizze deal.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum