Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Gjin gesicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In doarp hat in gesicht
mei leechbou en de toer,
in beaken yn de greidesee
dy’t wiist de jierren oer:
hjir is ’t en doch dyn plicht.

Image

Se hingje oan in tou
en jouwe in gesicht
oan harren doarp mei wurd en wurk:
in preek of in gedicht,
bedriuw fan boer of bou.

Image

Mar sy hat gjin gesicht,
moast wenje yn in stêd
omdat har doarp ferdwûn yn see,
gjin toer dy’t har dêr rêdt,
elk hat de eagen ticht.

admin

Sjonge foar Menno

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wyn foel fuort, gjin driging mear,
de flagge koe wol oan de peal
foar Menno, swalker foar de Hear,
dy’t doopte op folwoeksen hollen
op it hechte fûnemint
fan ’t Wurd dêr’t hy nei dolde.

Image

Hy wie as dak de himel wend,
gjin tinte foar de preek en ’t liet
dy’t hoeden klonken foar de Hear
by hagen lâns rûnom de hollen,
want de roomske fijân hynsteried
en balte as in bolle.

Image

No stiet de tinte foar it liet
ta ear fan Menno en de Hear
en dreamt de hûn syn heldedied:
wêrom soe hy net blaffe wolle
tsjin de ko mei ’t drinkend keal,
want neat is hjoed tefolle.

Image       Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum