Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Keninklike harker

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa’t keninklike harker is,
lit alle lûden heine
troch it triljend trommeflues,
mar wurdt it flok of seine…
nea is hy syn libben wis.

Hy draait syn earen nei muzyk
en dûnset oer de treden
yn it keninklik paleis;
dit boadskip is de reden
fan in libben licht en ryk.

Mar hearsket stilte op ‘e dyk,
dan sil der ûnheil komme,
want de boalsfeint spant it flues
en slacht op slach de tromme…
triljend wurdt de harker lyk.

Image

admin

Gjin gesicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In doarp hat in gesicht
mei leechbou en de toer,
in beaken yn de greidesee
dy’t wiist de jierren oer:
hjir is ’t en doch dyn plicht.

Image

Se hingje oan in tou
en jouwe in gesicht
oan harren doarp mei wurd en wurk:
in preek of in gedicht,
bedriuw fan boer of bou.

Image

Mar sy hat gjin gesicht,
moast wenje yn in stêd
omdat har doarp ferdwûn yn see,
gjin toer dy’t har dêr rêdt,
elk hat de eagen ticht.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum