Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Paradyspoarte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dy deis socht ik it paradys,
alteast de tagong ta dat gea,
de lju ferklearren my net wiis:
it hôf fan Eden fûn ik nea.

Image

Ik seach in poarte op it grien,
de kleurfigueren joegen hoop
dat twa of trije waarden ien,
mar ’t swarte naam in oare loop.

Image

Doe tocht ik dat de skerpe toer
de tagong wiisde fertikaal,
de flagge liet dêr neat fan oer
mei dwers patroan, diagonaal.

Image

Mei wurge eagen fan de tocht
berikte ik in oar stik grien
en sjoch, dêr fûn ik wat ik socht,
dy trije kleuren wier ta ien.

admin

Hillige liken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hie de smoar yn, want hy wie te let,
mar like hillich as de oaren.
Hie syn kattelyk net neffens wet
it mummyrjocht fan achteren nei foaren?

Sy foeren as in mienskip oer de Nyl,
heechhertich om’t sy hillich wiene,
seagen hiel it lân as kattefyl
en mienden dat sy rjocht op achting hiene.

Image

Sy wiene like slank as ’t mienskipsskip,
alhiel yn hilligens fersonken,
seagen krokodillen oan foar klip,
it skeelde neat, oars wiene sy ferdronken.

Dêr bûgde al it keninklike pear.
Liet farao har sa net witte
dat it kattelibben hie wat mear
as inkeld yn itselde skipke sitte?

Image

Sy krigen fan it meunster har gelyk,
dy liet har yn it skipke lizze,
net as mummy mar as kattelyk;
noch ien koe ’t oaren sizze, dat wie dizze.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum