Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Aldjiersjoker

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

Hy is wer fûn, hy is terjochte,
kampioen fan ’t âlde jier,
de liuw, wa hie dit sa betocht?
It dier wie stellen, wrachtich wier
en ’t hat net tsjin de dieven fochten.

It barde yn it neare tsjuster,
nachten foar de Aldjiersjûn
mei oanhingmotor, fiif pk,
de liuw hat ûnderweis neat wûn
en rekke ’t wetterpaad rap bjuster.

Hy kaam yn Aldegea terjochte
mei ferljochting, steande mêst,
as joker fan it âlde jier,
sels winterdeis kriich hy gjin rêst:
de reis werom hie hûndert bochten.

admin

Selstraf

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

It koe gjin skipper heuge
dat in finish fierde nei de sel;
al is de striid ek noch sa fel,
de einstreek liedt ta freugde.

Image

Sa net by in supporter
fan it Grouster skûtsje dat ferlear
fan Snits, want skeind wie doe de ear,
’t ferlies koe amper sâlter.

De wraak koe amper swieter
op dat stuit mei fûle skop en slach,
de fokkenist gie rap oerstaach,
’t protest wie tsjin de dieder.

De Snitser wie ferwûne,
lei him net by dizze misdied del,
de dieder kriich in fearnsjier sel,
joech fjouwertûzen gûne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum