Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Unferwachts

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Unferwachts komt hy deryn
nei wiken ûnderweis;
hoe lang is ’t ôfskie wol net lyn,
se kamen ûnferwachts dy deis.

Hy wie in revolúsjonêr
dy’t opkaam foar syn folk;
foar tsaar en tsjerke in bedjêr,
it boadskip hoegde net in tolk:

Nei Siberië, it oard
dêr’t ballings wurken nei
de dea, foar straf de eigen moard
oant amnesty rôp him dy dei.

Dêr stiet er frjemd en ûnferwachts,
ûnrêstich nei de groet
dy’t as in bom yn ’t neiste slacht
út fierten as ferlern foargoed.

Fan de stoel riist op de mem
dy’t yn de slomme lei,
betize noch troch byld en stim:
‘Myn jonge, wêr komsto no wei?’

Syn frou, noch fan it slotakkoard
besiele, sjocht benijd,
hoewol’t har hoop de sprong net doart:
is hy it wol dy’t goeie seit?

’t Famke ken har heit net mear,
mar ’t eachweid fan har broer
fertelt him fan dy lêste kear:

‘Wit heit noch fan de knoop yn ’t snoer?’

* Ilja Repin (1844-1930) wie ien fan
de belangrykste Russyske skilders
út it twadde part fan de njoggentjinde ieu.
Hy wurdt wol de Rembrandt fan Ruslân
neamd.
Repin sympatisearre mei de yntellektuelen
dy’t nei it plattelân teagen om de boeren
har revolúsjonêr boadskip te bringen.

admin

Twa portretten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edouard Manet*

Hy hat my portrettearre
sa’t ik wierlik bin,
in skriuwer dy’t basearret
’t oardiel op ‘e sin
fan ’t libben, elk syn rjochten
en as dat net bart,
beskriuw ik wat se tochten
yn it djipste swart,
ik, Emile Zola!

Image

‘De keunstbarbaren ha besletten:
skilderijen fan Manet
ferbean yn de Salon!
Mar ik beskuldigje har wetten
fan in skildersmoard, sa net
dus, Edouard myn man!’

Image

Ik ha my portrettearre
sa’t ik tink dat ‘k bin,
in skilder min wurdearre,
mar foar himsels net min;
lykas Zola my witte
liet, it Louvre is
foar dy, silst Kening hjitte,
libjend, dat is wis,
ik Edouard Manet!

* Edouard Manet (1832-1883)
hat neffens syn kollega Renoir
in foarbyld west foar de
ympressionisten, mar waard troch
de kritisy net wurdearre.
Se karakterisearren syn skilderijen
as flekkekeunst.
Skriuwer en freon Emile Zola
naam it foar him op.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum