Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Traumatysk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik hie mei him te dwaan,
it hiele jier troch frette
op in pôle sûnder stâl;
wat koe ik him oars jaan
as efkes oan him roppe,
domme ezel, mar net mâl.

Image

Hy hie in hurde kop,
mar dy kaam wol nei boppen
sûnder poaten yn de skrep;
doe rûn er op myn rop,
in stadich stappen setten,
yn de genen noch dy mep.

Image

Hy koe gjin Bileam,
wist lykwols fan in swaaien,
wie ’t in stôk of dochs in swurd?
Ik wist ’t is Moabs stam
en woe him hoeden aaie,
seach hy swaaide mei syn sturt.

Image
Rembrandt

< Foarige Oare >
admin

Parallel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wannear’t de buien folút jitte,
rize parasiten út ‘e grûn,
in stâle foar’t gewin,
in skerm om droech te sitten,
sjoch, sa kinne profiteurs dertsjin
en struie se har spoaren yn it rûn.

Se sitte yn in lange rige
ûnder skermen tsjin it hjerstich wiet
en wachtsje op ’t gewin,
in fangst om oer te ligen…
parasiten sa’t men dy wol kin?
In ploech pro fisk dy’t foar it scoren giet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum