Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hichteferlies

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sizze dat it hege noarden
kâlder is, dus fierder leit
as ’t lege suden;
dêrom is ’t in feit
dat elk der fol fan is
as yn dy fiere oarde
de dikte fan it iis
de hichte fan de snie oergroeit
en dus is ’t suden wiis
mei ’t noarden dat no boeit
fanwege hichte… ferlies.

Image

admin

Kontrast

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie yn de betide moarn
dat fjouwer fûgels saaiden del
op ’t dûbelljocht by fjouwer banen,
swart wie by de witen net yn tel,
de foarm stie harren ek net oan.

De miuwen kriesden moard en brân,
de moard om ’t swarte fearrepak
en brân fanwege ljochtfersmoarging:
trijedûbelljocht op harren plak,
dy swarten holden soks yn stân.

De ielgoes hearde ’t praat ris oan,
mar hold him op syn wize stil,
geniete dûbel fan ’t lemieren:
’t kleurespul mei wyt en swart yn skril
kontrast, en wjukke nei dy troan.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum