Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yn ’t fizier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It fizier is rjochte op ‘e hope
op in winter wiis mei iis,
heint yn de rûnte ’t wyt fan snie
of ryp, de preemje of de priis,
de sniebal of de heldedie.

It begjin kin Snitser sprekken lije,
want de Swette leit al ticht,
it âlde trekpaad heinde snie,
mar is it inkeld foar ’t gesicht
en snijt hjir ûnder held en die?

Image

Smjunten kinne ’t eine-antwurd fluitsje,
har fizieren ljochtsje op:
‘Wy heine leaver snie as iis
en ha in wekker yn de kop
foar ’t wek, ús heldedie en priis.’

Image

admin

Oeral-boarne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It binne swalkers, altyd ûnderweis
om brokken dy’t neat weage,
dochs ferwurke wurde, yn de geast
ta middel makke foar de reis
nei witwêrhinne…
ik bin wiis mei beide eagen.

Image

Ik seach se lizzen op ‘e earste dei
gewoanwei op ‘e strjitte,
kleure brokken, út ‘e fleur fan geast
de hichte yn, mei bocht en draai
nei witwêrhinne…
eagen kinne soks net litte.

Image

Noch yn de skimer heinde ik it ljocht
op fan de folle moanne,
rûne ynspirator fan de geast
op reis, net fierder as ik tocht,
‘k wist doe wêrhinne:
swalkjend nei de oeral-boarne.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum