Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Proefsile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
It Heale Moantsje woe net helder skine,
alfde waard it yn de striid op Grou,
it mankemint wie net te finen,
argewaasje kleure Folle Moanne blau.

Image

De Feanhoop noege út foar proef te silen,
Teake* stjoerde mei in sigaret,
Bernardus** hat de fok bespile,
’t rikke wol, mar brâne die de Moanne net.

Image

De Meeters dy’t de Ie ek op lavearren,
sylden skraler, rûnen Teake op.
Woe ’t skip net nei de skipper hearre?
Los it roer en nei de fokkenist foarop!

Image

Twa koppen, ljocht en donker as de moanne,
’t Heale Moantsje hong der tuskenyn;
de sinne wie de minne boarne:
troch de rek derút rûn ’t skip net oan de wyn.

Image

*) Teake Brouwer
**) Bernardus Tjerkstra

admin

Losse fingerseinen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

De Feanhoop, oard fan smelle wetters,
Grietmansrek en Wide Ie,
is ’t plak fan spanning en sensaasje foar
’t publyk, lykwols net alle jierren gie
it silen neffens lêste letters.

Image

’t Begûn al foar de start te knipen
by it swurd fan SWH
dat Klaas it topke fan de finger biet;
Wâldsein syn dokter kaam der fluch op ta
en soarge foar de earste stipe.

In sleepboat soe de tolve bringe
fan de wâl nei Wide Ie,
mei faasje foeren fjouwer ’t striidfjild op,
mar ’t waard in rûntsje mei in losse trie,
wylst acht noch leine oan de stringen.

Image

De skûtsjes skuorden wyld as bollen
oan de kabels by de start,
dat Huite fan Wâldsein waard nûmer twa
dy’t op ‘e fingers ’t folksliet fluite hat
fier foar de finish út ‘e holle.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum