Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Rompkastiel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As men weromgiet yn de tiid,
dan rize hege muorren op
en tuorren mei in stielen kop
dy’t foar de riddereare striidt,
mar gjin romp as fûnemint.

Image

Men freget om in argumint
en tinkt it earst oan dynamyk
fan boarch en leger tagelyk,
in wetteroanfal ûnbekend
of previnsje foar ’t klimaat.

Image

De reade weach jout oan it aard
fan wat de wrâld te wachtsjen stiet,
dat alles op of ûnder giet;
as striid net folget op it praat,
rêdt allinnich ’t rompkastiel.

Image

admin

Stedsflecht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin spoar op ’t paad, in sniewyt bêd,
dat tusken parallelle kanten leit,
in rêstplak foar de wurge holle;
yn de fierte leit de brêge
dy’t al moannen net mear draait,
is dit de stêd?

Image

De fierte lit in oar byld sjen:
twa parallelle spoaren oer de dyk,
yn dit ferbân wol ien tefolle;
stappen stean foar rjochte rêgen,
mar dy krije net gelyk,
wat giet ferlern?

Image

De loft is leech en lit ferlies
sjen fan ’t gaotysk, kriezjend miuwefolk,
in flecht dy’t winternachten wolle;
klomjend by de opklapbrêge
yn de stêd driuwt as in wolk
de flecht oer ’t iis.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum