Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hoarnen en smidden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Ik sloech de eagen op en seach
wol fjouwer hoarnen, driigjend op in kop;
ik frege:  ‘Sis my wat betsjut
dit skerpe byld dêr boppe-op?’

De ingel spriek it wiere wurd:
‘De hoarnen hawwe útinoarren slein,
sadat it folk bleau jierren fuort,
mar sjoch, dat wie noch net de ein.’

Ik seach yndie in twadde byld:
wol fjouwer smidden, driigjend sa te sjen;
ik frege: ‘Sis my wat betsjut
dit byld, is no de slach ferlern?’

De ingel spriek it wiere wurd:
‘De fjouwer smidden houwe hoarnen ôf,
want folken hawwe izerhurd
west, brochten Sion yn it nau.’

* Byld ‘Profeet Sacharja’

admin

Dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik dreamde fan in grut hielal
mei stjerrebylden net te tellen,
oeral banen, hoekich, rûn
en ek ovaal foar sinnen fan dy felle,
mar alhiel net oan har wetten bûn.

Raketten stiene fertikaal,
ien hat my yn syn hertslach sletten,
telde ôf en skeat omheech
om my op koepelhichte ôf te setten,
wylst ik rûn folslein luchtleech.

Ik rûn beret yn myn ferhaal
ta op it tunnelljocht om ’t winnen
fan de himel nei de dea,
mar ’t wie de snie by ’t opgean fan de sinne,
‘k stie op grûn fan eigen gea.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum