Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Keapmans wiisheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is de keapman fan âldizer
dy’t se fan it slopen sparre hat
en fearn nei ’t eigen domisily,
om’t er seach dit wurdt wol wat,
him makke it ferline wizer.

Hy hie in eigen definysje:
wiisheid makket fan it âlde nij,
lit moaie foarmen yn har wearde,
wat ûnsjoch is jout men frij
oan rust, dus net it seil mear hysje.

Se lizze kop oan kont, bewize
dat de keapman helle syn gelyk
út moaie en ûnsjogge foarmen:
kreaze konten meitsje ryk,
fan pûstekoppen moat men grize.

Image

admin

Ballade fan de koarte freugde

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dit is it rouliet fan in pleats
dy’t boud waard op ’t ferkearde plak,
lykas it dizze Snitser heugde;
beide, dea en libben, krigen har gerak,
mar foar de pleats wie ’t koarte freugde.

It is sawat twa ieuen lyn
dat bûten Snits de bou begûn
op ’t stee fan ’t Johanniter kleaster;
muontsen bidden dêr de folle dagen rûn
om Gods genede, leafst it measte.

Doe briek yn Snits út goalera
dy’t siken treau de kiste yn,
mar brocht gjin lyk om tsjerke hinne;
deaderook dreau mei op elke twirre wyn,
de liken moasten nei in finne.

Dy finne wie it hillich plak
fan ’t kleaster en de nije pleats,
lykas it elke Snitser heugde;
oan ’t genedestee fan God wie neat ferkeards,
mar koart klonk foar de pleats de freugde.

De lange freugde riisde op
in hiel ein tichter by de stêd,
sa tusken ’t hillich hôf en tsjerke;
beide, boer en ko, sy rekken mear as sêd,
gjin deaderook wie noch te merken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum