Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Boadskip

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tsjerke stie hjir as symboal
fan ’t muorrefêste leauwe,
wylst de preekstoel galme út:
‘It boadskip moat fan poal nei poal.’

De fraach wannear’t de tsjerke slút,
hat neat om lûd te skreauwen;
as Geart Mak syn boadskip bringt,
jout hy Europa ’t aureoal.

Image

Dêr stiet er op ‘e hege stoel
mei ’t muorrefêste leauwe:
‘No’t de tiid foar ’t wrâlddiel kringt,
is macht fan poal nei poal it doel.’

De tsjerke sûnder mikrofoan
koe dûmny wol beskreauwe,
mar wannear’t it klinkt as mak,
ferwurdt it Europeesk gefoel.

Lit klinke dan fan flier oant dak
muzyk fan ’t jongfolk, leauwend
yn de takomst, earst yn moarn,
dan komt it boadskip wol teplak.

Image

admin

Samar fuort

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is in kante meter grut,
want grutter wie it famke net
dy deis doe’t sy dêr boarte;
de klokken tikken it ’te let’,
want samar wie se fuort.

De fiver wie net al te grut,
de linetrie hong wol te heech
dy deis doe’t sy dêr boarte;
it wetter noege fol beweech
en samar wie se fuort.

Sy hie har eigen boartersguod,
in poppe mei in fleurich sin
dy deis dat sy dêr draafde;
de flinter fleach en yn de rin
wie ’t famke samar fuort.

It is in kante meter grut,
te grut foar buorlju, ek foar Snits,
omdat sy net mear boartet,
want as in flinter yn in flits
wie ’t famke samar fuort.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum